Onderwerp: Klaagmuur
Enkele bericht bekijken
Oud 9 March 2009, 15:46   #1439
Mr. Macphisto
Lid
 
Mr. Macphisto's Avatar
 
Geregistreerd op: 16 June 2008
Locatie: Rome.
Berichten: 10.493
Standaard

Gerrianne fan hast fjouwer jier mei graach ferskes sjonge.
Ferskes dy't se op skoalle leart fan juf.
Ûnder oare ek Flip Flap Flinterke. Dat giet sa:

“Flip flap flinterke, dûnset yn 'e loft,
tútet alle blomkes, rêst dan wer in skoft”.

Mar no komt it.
Har Heit die graach mei har mei sjongt, sjongt altyd in oare ferzje der fan. En dat giet dan sa:

“Flip flap flinterke, dûnset yn 'e loft,
poept op alle blomkes,”rêst dan wer in skoft.

Ja en dan mar wer nei skoalle ta en hja kin it wol riede.
Der sjongt se dan de neie ferzje fan it ferske.
En juf mat dan wol laakje derom en seit wer hast dat wei Gerrianne.
Wêrop se seit: fan ús heit leart juf!
En sa moatte se der noch efkes om gnize. De oare bern ha net iene gaten wer at it oer giet en se sjonge dan alle oare ferskes wer mei elkoar.
Thús kommen freget mem oan Gerrianne wat hast dyn op skoalle.
Se antwurd: boatte mei Ilse en kleit mei de klei.
Mear net hear mem.
Mem seit derop hawwe jim ek ferskes songen mei elkoar. Ja seit se bliid, Flip flap flinterke mem.
Wolst it ferske ek noch efkes foar mem sjonge en sa begint se bliid wer te sjongen.
Dernei moatte Gerrianne en har mem goed laitsje, jim snappe wol werom.
__________________
Alles heeft een eind en een worst wel twee.
Mr. Macphisto is offline   Met citaat antwoorden