Onderwerp: Klaagmuur
Enkele bericht bekijken
Oud 10 March 2009, 13:51   #1451
Mr. Macphisto
Lid
 
Mr. Macphisto's Avatar
 
Geregistreerd op: 16 June 2008
Locatie: Rome.
Berichten: 10.493
Standaard

In kommisje hat foarsteld dat de ferantwurdlikheid foar it Frysk by de provinsje komt te lizzen yn stee fan yn Den Haach. Juster en hjoed steane der ferskillende stikjes yn de Ljouwerter krante oer dit ûnderwerp. Ik tink dat it goed is dat minsken dy’t echt wat mei it Frysk te krijen haw der ek de baas oer binne. Ik hoop dat er mear oantinken komt foar it Frysk op skoallen en op strjitte. Ik tink wol dat it wichtich is om foaral nuttige en leuke dingen mei it Frysk te dwaan. Er moat net te folle twang by komme oars stean minsken samar op de achterste poaten. It moat eins heal om heal.
Ik moat my sels sa faak ferdigenje dat wy us dochter grutbringe yn it Frysk! Doe't se krekt berne wie, fregen freonen ús yn watfoar taal wy har opfieden soene. Ik sei 'Frysk fansels' en it iennige antwurd dat ik krige, wie 'oh'. Ik wurd der sa wurch fan! Ja, wy bringe har grut yn it Frysk en hawwe der gjin soargen oer dat se gjin Nederlansk lear sil! Pfffff, sa ik bin it eefkes kwyt!
__________________
Alles heeft een eind en een worst wel twee.
Mr. Macphisto is offline   Met citaat antwoorden