Onderwerp: Klaagmuur
Enkele bericht bekijken
Oud 10 March 2009, 15:20   #1454
Mr. Macphisto
Lid
 
Mr. Macphisto's Avatar
 
Geregistreerd op: 16 June 2008
Locatie: Rome.
Berichten: 10.493
Standaard

Ik jou yntusken ús fyfde bern, dy't no in goed jier is, noch hieltyd tate, njonken syn deistich miel (hy yt mei de pot mei) noch wol in kear as fjouwer/fiif. Wy binne der beide hiel tefreden mei, al binne net alle reaksjes fan 'e omjouwing altyd like posityf. It mondiaal gemiddelde leit op twa jier!
It is wier better foar mem en bern, froulju dy't boarstfieding jouwe hawwe minder kans op it krijen fan boarstkanker, en de bern dy't tate krije trouwens ek. De bern hawwe ek minder faak lest fan earuntstekkings en bedarje gemiddeld sjoen minder faak yn it sikehus!
Spitich dat it by in protte froulju net slagget. Sjoch net tefolle nei it tal ofkolfde mililiters, de gearstalling fan tate ferskilt per frou en yn 100 ml tate kin likefolle fiedingsstoffen befetsje as 150 ml keunstfieding! Ek de kleur is gjin goede yndikaasje, tate is blau-eftich wyt fan kleur en sjocht der wetterich út as je it efkes stean litte (mei in fetlaachje der boppe-op). Fertrou op jim eigen lichem, dat is de 9 moanne fan 'e swangerskip ek slagge, en jou gjin tate op 'e klok mar op fersyk. Lit dy keunstfiedingsfabrikanten mar swetse, se dogge júst alle war om tate nei te meitsjen (wat net slagget om't it by gjin frou itselde is) Fergelykje de ynhald fan 'e poepruften mar ris (tatepoep stjonkt net!) en oardiel sels!
Wat it wurk oanbelanget: froulju stean op jimme rjochten en foar de sunens fan jim bern (in kwart fan de wurktiid mei oan it jaan fan tate/kolfen bestege wurde en heart trochbetelle te wurden!) Mei kolfromtes is it beroerd steld, sels by myn wurkjouwer is der net ien te finen en dan wurkje ik noch wol by in thússoarchynstelling der't 95% fan it persoaniel út froulju bestiet!
--------------------------------------------------------------------------------

Wol as gjin boarst, keunstmolke (op sojamolke nei dan) komt fan de ko. Fansels besiket de yndustry ús fan alles oan te praten op dat mêd, mei prebiotica, mei lange of wat ek foar-keten fetsoeren, diels hydrolysearre ensfh, prachtich moai: mar it sit allegear yn memmemolke. Mar dêr falt neat oan te fertsjinjen foar de yndustry. Neist it sûnensaspekt, echt oantoand yn grutte ynternasjonale stúdzjes, is memmemolke ek folle better foar it miljeu. Der binne gjin ekstra kij foar nedich (broeikasgassen!) en ek gjin aluminiumblikken. It kin sels sûnder flessen en spenen (boarstbern drinke meastentiids ek frij maklik ôfkolfe molke út in gewoan kopke).
Foar wa't mear witte wol, dy moat mar ris sjen op "101 reasons to breastfeed your child" fan ProMom (wol yn it Ingelsk).
Ik wol net al te "dweperich" oerkomme, mar it belang fan tate wurdt hjoeddedei spitigernôch slim ûnderskat. Ik wol net sizze dat bern op keunstmolke net grut wurde (behalve dy in tal jierren lyn yn Israël, wêrby't
__________________
Alles heeft een eind en een worst wel twee.
Mr. Macphisto is offline   Met citaat antwoorden