Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: węr't de lekkerste fisken swimme, hoe't in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear't de sinne en de moanne oan de himel steane.
Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sűnder dat it gefaarlik wurdt.
Mar der binne ek dingen dy't Ysbrand noch net hielendal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol...
In leafdefol boek oer de relaasje tusken mem en bern.
Ysbrand en mem binne de bęste freonen.
Alles dogge se tegearre.
Mar dan betinkt mem in nij spultsje foar Ysbrand: sykje in freon.
Fol goede moed giet Ysbrand op 'en paad.
Hy leart in net sa aardige seefűgel, in boartlike seehűn, in stel yn elkoar om kwetterjende pinguďns, in âlde walrus en in jonge iisbear kennen.
Soe ien fan harren syn freon węze wolle?
Do kinst Ysbrand ek aaie: op it omslach, mar ek op alle siden hat Ysbrand in facht fan filt krigen. Geweldich!
No wit ik einlik in kadootsje foar ús heit op de jierdei!
Of moat ik it no júst myn bern jaan? :smyn dochter is er gek op, ek de boekjes fan Stip en syn mem en Stip en syn heit binne hiel erg leuk, myn dochter hawt de boekjes gewoan stikken lęzen...Stip fynt it moai om beppe te helpen en beppe kin ek hiel moai foarlęze. Stip en beppe binne dan ek o sa wiis mei elkoar.
__________________
Alles heeft een eind en een worst wel twee.
|