Onderwerp: Klaagmuur
Enkele bericht bekijken
Oud 10 March 2009, 21:33   #1473
Mr. Macphisto
Lid
 
Mr. Macphisto's Avatar
 
Geregistreerd op: 16 June 2008
Locatie: Rome.
Berichten: 10.493
Standaard

Ik sjong sels ek graach fryske ferkes foar myn bern, de cd ut it taaltske is ek hiel leuk, foarol dy fan swaaie , swaaie, kontsje draaie...
Sels sjong ik foar it sliepen gean:
suze nane poppe,
kealtsje leit yn é gruppe,
heit en mem sa fier fan hus,
wy koene se net beroppe,
kwaamen se thus,
mei in koekje in e bus,
foar us lytse poppe..( dan de namme fan it berntsje)

of dy fan( mei it bernstje op e knibbel):
hop, hop hinke,
nei ljouwert om é skinke,
nei snits om in wite brea,
ride we alle hynders dea,
op ien nei,
op twa nei,
op us lytse (namme) nei,
wer sille we nei ta,
nei pake ta ,
nei beppe ta,
wat sille wy der ha?
brandewyn mei suker der in,
en dan wer op nei hus ta!
Ik tink dat in soad siswizen net sa faak mear brūkt wurde en dat wylst se sa aardich binne. Yn it Nederlānsk en yn it Frysk ferdwine de siswizen. Guon bern witte net wer ‘t jo it oer haw as jo is in siswize brūke. Wat foar Fryske siswizen brūke jo?

Ik brūk dizze noch wol ris: Dy't folle praat moat in bulte wiermeitsje. Ik hearde lest ien dy’t sei doet er wat tsjin it sin dwaan moast: Leaver dea as slaaf. Der stie ik echt fan te sjen.
__________________
Alles heeft een eind en een worst wel twee.
Mr. Macphisto is offline   Met citaat antwoorden